Tsjil

Tsjil is in tydskrift dat acht kear yn it jier ferskynt en ynsetten wurde kin by de lessen Frysk of lêsbegryp (yn it Frysk). It blêd befettet aktuele nijtsjes, in koart ferhaal, in gedicht, in puzelside, in strip en twa koarte ynformative teksten mei in tal fragen.

Mei dy lêste rubryk kinne de learlingen op effektive wize oan ‘e slach en krijt it aspekt lêsbegryp folop oandacht. It ferfangt it losblêdige Tsjilpost sa’t dat de ôfrûne jierren ferstjoerd waard.

Bestel fergees 1x in klasseset Tsjil

Oan ’e ein fan skoaljier 20/21 kinne alle skoallen fergees in klasseset fan 30 eksimplaren bestelle om de fernijde Tsjil út te probearjen. Bestelle kin oant 22 maaie 2021.

Ja, ik bestel graach fergees in klasseset!

Bestel Tsjil

Omdat Tsjil bedoeld is foar skoalklassen, bestiet in abonnemint út in klasseset fan 15 of 30 eksimplaren. In klasseset fan 30 kostet € 200,- (ynklusyf portokosten), in klasseset fan 15 komt op € 145,- (ynklusyf portokosten). Jo krije 8 eksimplaren it skoaljier. Fansels stiet it jo frij om meardere klassesets te bestellen.

Abonneminten op Tsjil binne trochrinnende abonneminten. Opsizze of it oantal eksimplaren foar takom skoaljier feroarje kin foar 1 july.

Ja, ik bestel in klasseset!

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..