Tomke
Tomke
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.
It Tomke-projekt is in inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân. Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk. De Bibliotheekservice Fryslân (BSF), Cedin en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) soargje foar de promoasje en fersterking.