Skoaleksamen Frysk

Om april/maaie hinne is der elk jier it Skoaleksamen Frysk, Cedin organisearret dat yn gearwurking mei de Afûk. Alle skoallen kinne dêr oan meidwaan en foar de skoallen fan it trijetalige netwurk is it in ferplichte ûnderdiel.

Yn febrewaris krije de skoallen berjocht. Nei opjefte krije se flak foar de twa eksamenwiken it materiaal tastjoerd troch de Afûk. De learlingen kinne eksamen dwaan op in A- en B-nivo. It A-eksamen is maklik en rjochtet him op it ferstean en it lêzen. Dizze ûnderdielen binne tidens de twa eksamenwiken te finen op de side skoaltv.nl fan Omrop Fryslân. It B-eksamen is it skriftlike ûnderdiel en kin tidens de twa eksamenwiken ôfnommen wurde. It bestiet ûnder oaren út oefeninkjes dy’t de learlingen teste op wurdskat, tiidwurden en tekstbegryp.

De skoallen dy’t it B-eksamen ôfnimme, moatte ek it A-gedielte dwaan. B-kandidaten dy’t sakje, kinne sa yn alle gefallen noch it A-gedielte helje.

Aanbod
Sjongfestival
(Event)
Frysk Skoaldiktee
(Event)
WOW Kongres
(Event)
Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..