Searje 36
Searje 36
Searje 36 is de digitale lesmetoade foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Foar klasse 1 is der in folslein lessepakket fan 36 lessen, sawol foar vmbo-nivo as havo/vwo-nivo. De lessen sitte fol mei muzyk, SkoalTV, filmkes, games, mar fansels ek taalfeardigens en toetsen. Alles kin digitaal dien wurde en it systeem sjocht de opdrachten sels nei. Foar klasse 2 en 3 bestiet Searje 36 út ‘Doch!’ (projektûnderwiis) en ‘Lear!’ (taalfeardigens). By de projekten yn ‘Doch’ wurkje de learlingen ta nei ien of meardere produkten, lykas in magazine of keunstwurk. Der wurde ûndersykjes dien, presintaasjes makke en der wurdt gearwurke. By ‘Lear’ wurdt de learline taalfeardigens fan klasse 1 trochlutsen. Ek de boppebou krijt ynkoarten in plak yn Searje 36.