Memmetaalsprekkers

Memmetaalsprekkers

Yn de ierskoalske perioade wurdt troch de ûnderwiisadviseur tegearre mei de skoalle en it SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang) wurke oan it realisearjen fan in trochgeande taalrike learline foar jonge bern. Dy trochgeande learline is rjochte op de oansluting fan berne-opfang op groep 1 en 2 fan de basisskoalle, sadat bern fan jongs ôf oan yn oanrekking komme mei in meartalige, taalrike omjouwing.   As it winsklik is kin dêrby fergees gebrûk makke wurde fan in memmetaalsprekker Frysk dy’t har/him yn gearwurking mei de learkrêft rjochtet op it funksjoneel brûken fan ‘e Fryske taal yn ‘e groep. Op dy wize komme bern yn in fakentiids folslein Hollânsktalige learomjouwing dochs ek yn kontakt mei de Fryske taal.

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..