LinKk
LinKk is in tydskrift dat seis kear yn it jier ferskynt en heart by de lessen Frysk foar klasse 1 fan it fuortset ûnderwiis. It stiet fol mei ynterviews, proaza, poëzy, celeb-roddels, gamenijs en oare linke saken.
De tema’s fan LinKk komme oerien mei de tema’s yn Searje 36 foar klasse 1. By elke LinKk sit in katern mei opdrachten en de byhearrende antwurden. By de opdrachten steane stjerren (1 oant 3). Dat makket differinsjearjen maklik.
Troch LinKk te lêzen wurket in learling fansels foaral oan lêsfeardigens, mar troch de ynhâld en de byhearrende opdrachten komme ek sprek- en skriuwfeardigens en Fryske skiednis en kultuer oan bod.


Bestel LinKk
Omdat LinKk bedoeld is foar skoalklassen, bestiet in abonnemint út in klasseset fan 30 eksimplaren. In klasseset kostet € 165,- (ynklusyf portokosten). Jo krije 6 eksimplaren it skoaljier. Fansels stiet it jo frij om meardere klassesets te bestellen.
Abonneminten op LinKk binne trochrinnende abonneminten. Opsizze of it oantal eksimplaren foar takom skoaljier feroarje kin foar 1 july.