Foar- en Ierskoalsk
Yn de foar- en ierskoalske perioade wurdt troch de ûnderwiisadviseur wurke oan it realisearjen fan in trochgeande taalrike learline foar jonge bern. Dy trochgeande learline is rjochte op de oansluting fan berne-opfang op de ûnderbou fan de basisskoalle, sadat bern fan jongs ôf oan yn oanrekking komme mei in meartalige, taalrike omjouwing. De ûnderwiisadviseur wurket hjirfoar gear mei it SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang).