Primêr Ûnderwiis
De ûnderwiisadviseurs fan Cedin –ekspertizesintrum Meartaligens begeliede skoalteams by it realisearjen fan yntegraal taalbelied, wêrby’t neist de Nederlânske en Ingelske taal, ek de Fryske en/of streektaal oan bod komt. Undersyk wiist út dat meartaligens in stimulearjende ynfloed hat op ûnder oaren de taalûntwikkeling fan bern, as dêr op in ferantwurde wize mei omgien wurdt. Benammen bern yn ‘e leeftyd fan 0 – 8 jier binne hiel taalgefoelich. Hjir moat adekwaat op ynspile wurde. Oan de skoallen de útdaging om mei in goed taalbeliedsplan goede ôfspraken te meitsjen oer it omgean mei meartaligens en it ynsetten fan gaadlike learmiddels.
Begelieding is fergees troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân, it Ministerie van OC&W en de Europeeske Kommisje. De ûnderwiisadviseurs steane graach foar jo klear foar ûnder oaren:
• Alderjûnen oer alle aspekten fan meartalich ûnderwiis
• In taalbeliedsplan
• Oplieding taalkoördinator
• Kearndoelen Frysk
• Lesmaterialen