Middelber beropsûnderwiis

De begelieding op de Friese Poort, it Friesland College en it Nordwin College rjochtet him op de ynfiering fan it Frysk yn bepaalde modules fan bepaalde opliedings. Dêrta wurdt in spesifyk kurrikulum skreaun en ûntwikkele, yn gearwurking mei de Afûk. De earste module ‘Fries in de beroepscontext’ wurdt oanbean foar de stúdzjerjochtings: Onderwijsassistent, Pedagogisch werk, Helpende Zorg en Welzijn en Verzorgende. Ek foar oare stúdzjerjochtings, sa as de hannelsfakken of de ‘griene’ opliedings sil tapast materiaal skreaun en ûntwikkele wurde.

Meartalich Fuortset Underwiis (MFU)

Sûnt 2010 begeliede wy in netwurk fan trijetalige skoallen: MFÛ (Meartalich Fuortset Underwiis). Dy skoallen fersterkje harren taalûnderwiis troch fakken te jaan yn de fiertalen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De ynstap is foar alle skoallen mooglik, troch ien ekstra fak te jaan yn de fiertalen Frysk en Ingelsk. Sjoch ek: https://meertaligvoortgezetonderwijs.nl/.

Oanbod

Er zijn geen aankomende activiteiten.

Mear ynformaasje?

Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei ien fan ús adviseurs of stel dyn fraach hjirûnder.

Ja, ik wol graach mear ynformaasje





We gebruiken de gegevens die je in dit formulier invult enkel om contact met je op te nemen.

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..