Kom yn ‘e kunde mei…

Wurksumheden

“Yn de deistige praktyk hâld ik my dwaande mei alle fasetten fan it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Sa ûnderstypje ik dosinten Frysk yn harren wurk, organisearje stúdzjedagen, meitsje diel út fan de ûntwikkelgroep Searje 36 (de digitale metoade foar it fak Frysk), bin haadredakteur fan it Fryske jongereintydskrift tydskrift LinKk dat brûkt wurdt yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis en organisearje  eveneminten lykas SjONG (fû) en Sjongfestival (pû).

Ik fyn it belangryk dat bern witte dat wy yn in meartalige mienskip libje en dat se harren bewust wurde fan wat dat foar harsels betsjut. Op in goede wize meartalich grut wurde hat boppedat fijne foardielen: it soarget foar optimale taalfeardichheid, befoarderet kommunikative feardichheden en der is in konstante prikkel fan ‘dûbel learen’ wêrtroch’t learlingen kognityf sterker wurde.”

Wat oaren sizze

“Yn it tydskrift LinKk lês ik altyd oer dingen dy’t yn binne. It magazine hâldt my op ‘e hichte fan de trends. LinKk is leuk foar jonges en famkes. It kin sa yn ‘e winkels lizze.” (Learling Bogerman Koudum, 13 jier)

“De studiedag Fierder mei Frysk is mij zeer goed bevallen. Het was een inhoudelijk sterke en leerzame conferentie met een goede sfeer. Volgend jaar kom ik graag weer!” (Dosint Frysk Comenius Ljouwert)

“Troch Marrit har krewearjen is LinKk in fris en modern magazine mei hjoeddeiske tema’s, ferwurde yn de taal fan de jongerein fan tsjintwurdich. Marrit hat in flotte manier fan kommunisearjen, hat each foar de wrâld om har hinne, is punktueel (‘in frou in frou, in wurd in wurd’) en ek net ûnbelangryk: altyd fleurich fan moed.” (Seppy Sierksma, eigenaar ‘KonSEPt’ en corrector LinKk)

SPESJALISAASJES

  • > It fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis
  • > Lesmateriaal ûntwikkelje: LinKk, Searje 36, LêsNo
  • > Redaksjewurk
  • > Stúdzjedei Fierder mei Frysk
  • > FeRstival
  • > SjONG (fû) en Sjongfestival (pû)
Gespecialiseerde thema's
Mijn artikelen
Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..