Kom yn ‘e kunde mei…

Wurksumheden

Yn de deistige praktyk bin ik mei in protte moaie en ynteressante saken dwaande. Fanút de passy foar it Frysk en meartaligens meie wy, mei it ûnderwiisfjild, hiele moaie saken ûntwikkelje en útfiere. Foardragen bygelyks of muzyk meitsje, de leswille befoarderje, gearwurking fersterkje, ynhâld ûntwikkelje foar digitaal learen, artikels skriuwe, meitinke oer it meitsjen fan skoaltv, soargje foar in trochgeande learline meartaligens fan foarskoalsk oant fuortset ûnderwiis en noch folle mear…

Ik fyn it belangryk dat bern, dosinten, teamlieders, âlders en direkteuren op entûsjaste en deskundige wize ynspirearre wurde foar it Frysk en meartaligens.  Wy wurkje foar én gear mei it wurkfjild oan draachflak foar- en bewustwurding oer it belang fan it Frysk en de meartaligens.

Op dit stuit wurkje ik oan de ûntwikkeling fan de Basisfoarsjenning+, wêrby’t de gearwurking stimulearre wurdt tusken it foarskoalske, it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis op it mêd fan meartalich oanbod. Fanút passy en ynspiraasje kreëarje wy mei elkoar in trochgeande meartalige projektline. Sport, keunst, kultuer en bibliotheek ûnderstypje dêrby.

Ik wurkje ek mei oan  LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis wêrby’t alle earsteklassers yn Fryslân in lêsboek krije. Under de lessen geane se hjirmei yn projektfoarm oan ‘e slach.

Der wurdt ek hurd wurke oan Searje36, de digitale metoade foar it fak Frysk. Klasse 1 en 2 binne klear, foar klasse 3 rint der in pilot. It is in prachtige miks fan selsstannich learen en projektmatich wurkjen. It slút goed oan by de nijste ûnderwiisfisy’s en rint foarop yn de wrâld fan digitaal learen.

Wat oaren sizze

Dosint boppebou vmbo:
‘Omdatsto sels yn it ûnderwiis wurkest, witsto presys wat ik nedich haw. Ik bin sa bliid mei dyn ûndersteuning, om’t ik hjir daliks mei oan ’e slach kin.’

Dosint ûnderbou vmbo/havo-vwo:
‘Jim witte wat it ûnderwiisfjild nedich hat. It materiaal dat jim meitsje slút hielendal oan by de belibbingswrâld fan de bern. Myn kollega’s binne allegear jaloersk op myn digitale metoade, ik rin fier foarop op skoalle.’

Teamlieder yn it projekt basisfoarsjenning+:
‘Dyn entûsjasme en passy foar watsto dochst, wurket hiel ynspirearjend. Wy hawwe ek sin om mei te dwaan oan dit projekt.’

SPESJALISAASJES

  • > Underwiisbegelieding en -advys oan dosinten Frysk fû
  • > Meartalich fuortset ûnderwiis
  • > SjONG, LêsNo
  • > Metoade Searje 36
  • > Basisfoarsjenning+
  • > Skoaltelefyzje
Gespecialiseerde thema's
Mijn artikelen
Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..