Taalstiper groep 3-8

Taalstiper groep 3-8

Wolle jo as skoalle de trochgeande learline noch fierder stâl jaan, dan kinne jo ek gebrûk meitsje fan de kennis en kunde fan in saneamde taalstiper. Dit is in persoan mei in ûnderwiiskwalifikaasje dy’t de learkrêft fan ien of meardere groepen yn midden- en boppebou (groep 3 – 8) fan ‘e basisskoalle stipet by it stâl jaan fan ‘e Fryske les of Fryske lesaktiviteiten yn ‘e klasse.

De begelieding is fergeest troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân.

De ûnderwiisadviseur is altiten op syk nei skoallen dy’t har ynsette wolle foar meartaligens by jonge bern. Ha jo hjir belangstelling foar dan hearre wy dat graach!

Foar mear ynformaasje en oanmelde nije skoallen kinne jo kontakt opnimme mei Dorien Hamstra.

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..