3TS

3TS

3TS stiet foar Trijetalige Skoalle. Op dizze skoallen wurdt yn elts gefal goed ûnderwiis jûn yn de fakken Nederlânsk, Frysk en Ingelsk én dat dizze talen ek brûkt wurde as fiertaal by oare fakken en aktiviteiten. As der sprake fan is, wurdt der ek omtinken jûn oan ‘e regionale streektaal of relevante migrantetalen. In goeie relaasje mei de thústaal jout bern in taligere takomst. De Trijetalige Skoalle stiet foar in brede meartalige wurkwize. Mei it team wurdt in passende rûte betocht dy’t oanslút by de taalmooglikheden fan ‘e skoalle. Ferskillende meartalige didaktiken kinne ûnderdiel útmeitsje fan sa’n rûte. Yn guon situaasjes is ûnderdompeling yn ‘e taal winsklik, yn oare situaasjes brûke wy ferskillende talen neist elkoar en is krekt it praten oer taal winsklik. Cedin helpt skoallen om better nei te tinken oer it brûken fan ‘e talen en úteinlik te kommen ta bettere taalresultaten.
Der binne ferskillende farianten fan in trijetalige skoalle.

  • Startfariant 1: rjochte op streektaalgebieten, ynset: positive taalattitude, omtinken foar Ingelsk en basale passive behearsking fan it Frysk.
  • Startfariant 2: rjochte op stedsskoallen, ynset: positive taalattitude, omtinken foar Ingelsk en basale learline Frysk.
  • 3TS-Basis: rjochte op alle basisskoallen, basisprogram Ingelsk en Frysk as fak en fiertaal fan groep 1 oant en mei 8.
  • 3TS-Plus: rjochte op 3TS-Basis basisskoallen, ferfolchprogram Ingelsk en Frysk as fak en fiertaal, ynklusyf standert VVTO.
  • 3TS-Stjer: rjochte op 3TS-Plus basisskoallen, ferrikingsprogramma Ingelsk en Frysk as fak en fiertaal, ynklusyf ynternasjonalisearring.
Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..