Oer Sintrum Meartaligens

In bern mear jaan mei meartalich ûnderwiis. Dêr hâlde wy ús mei dwaande. Der is gjin limyt oan wat in bern oan taal leare kin. Sterker noch, de iene taal helpt de oare. Boppedat wurdt in bern kognityf sterker troch it ‘dûbel’ learen. Mear talen, mear takomst! Wy fan Sintrum Meartaligens fan Cedin advisearje skoallen (fergees) yn it opsetten en ûnderhâlden fan twa- of trijetalich ûnderwiis. Wy begeliede netwurken fan trijetalige basisskoallen en middelbere skoallen yn Fryslân. Dêrneist binne wy ien fan de trije lanlik kwalifisearre oanbieders fan VVTO-Engels (Vroeg Vreemde Talen Onderwijs).Wy advisearje ek foar it fak Frysk apart. Wy begeliede learkrêften by it jaan, yn stân hâlden en fersterkjen fan it fak Frysk, sawol yn it primêr, fuortset as beropsûnderwiis. Wy meitsje materialen en tinke mei yn de metoadyske learline om it fak Frysk op moderne wize ynhâld te jaan. Dêrneist organisearje wy eveneminten wêrmei’t wy draachflak kreëarje foar de Fryske taal.

Oer Sintrum Meartaligens

Wy wurkje ûnder gear mei:

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..