Do bist hjir: Home / Oanbod / Eveneminten / WOW Kongres

Evenement

WOW Kongres

Leararen en skoallieders út it primêr en it fuortset ûnderwiis komme jierliks op it WOW Meartalich kongres ôf. Dat wurd organisearre troch Cedin Sintrum Meartaligens yn gearwurking mei NHL en Afûk. De dielnimmers wurde dêr entûsjast makke en ynspirearre foar it meartalich primêr en fuortset ûnderwiis. Fryslân is unyk De measte bern yn Fryslân groeie op yn in meartalige mienskip. It ûnderwiis kin in ympuls jaan oan de meartalige ûntjouwing fan de bern. Hoe’t it dat op in ynspirearjende en aktive wize dwaan kin, stiet sintraal op it kongres. De dielnimmers kinne ûnder mear kieze út workshops op it mêd fan taal en kultuer. De didaktyk, it nijste Frysktalich lesmateriaal en de evaluaasje-ynstruminten komme royaal oan bod Dit jier fien WOW Meartalich plak op 19 juny 2019. Oanmelde kin fia www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..