Je bent hier: Home / Aanbod / Evenementen / Kongres Fieder mei Frysk

Evenement

Kongres Fierder mei Frysk

Fierder mei Frysk is it jierlikse kongres foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en MBU.

FIERDER MEI FRYSK 2021      

16 novimber 2021  |  NHL Stenden Hegeskoalle

 

Fierder mei Frysk fynt dit jier plak op NHL Stenden Hegeskoalle. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Haadsprekker dit jier is Lysbeth Jongbloed-Faber. Sy fertelt oer har ûndersyk ‘Frisian on social media, the vitality of minority languages in a multilingual online world’. Dêryn komt nei foaren dat njoggen op ‘e tsien Frysktalige jongeren wolris Frysk brûkt op sosjale media. Yn septimber promovearre se mei dit proefskrift oan de Universiteit fan Maastricht. Dêrneist binne der ynspirearjende wurkwinkels te folgjen. Lear bygelyks hoe’tst mei learlingen filosofearje kinst, doch foarbylden op fan goed lêsûnderwiis, gean oan de slach mei kreatyf skriuwen of gean yn petear oer hoe’tst it Frysk as eksamenfak op it kurrikulum krijst.

Wy hoopje safolle mooglik dosinten en studinten Frysk wolkom te hjitten!


Kosten
De ynskriuwkosten foar Fierder mei Frysk binne € 40,- *.

* Studinten fan de learare-oplieding Frysk fan NHL Stenden dy’t kolleezjejild ôfdrage en gjin betelle baan hawwe op in fû-skoalle hoege net te beteljen

 

Programma – 16 novimber 2021
15.30 Ynrin
16.00 Iepening
16.10 Plenêre sprekker
17.00 Wurkwinkel/keukentafelpetear
18.00 Diner
19.00 Wurkwinkel/keukentafelpetear
20.00 Ofsluting
20.05 Buorrel en neiprate

 

Oanmelde
Oanmelde kin oant 29 oktober fia de knop hjirneist.

DATUM
16 novimber 2021

Oanmelde

Ja, ik kom graach nei Fierder mei Frysk op tiisdei 16 novimber 2021!







    Wy brûke de gegevens dy'tsto yn dit formulier ynfollest inkeld om kontakt mei dy op te nimmen foar it kongres.
    Neem contact op

    Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

    Start met typen en druk op enter om te zoeken..