Fierder mei Frysk
Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en MBU. In kongres dêr’t dielnimmers fakynhâldlike ynspiraasje en enerzjy opdogge, kollega’s moetsje en meiprate oer it Fryske ûnderwiis. Fierder mei Frysk wurdt alle jierren yn novimber hâlden. Cedin organisearret it kongres yn gearwurking mei de seksje Frysk fan de VLLT en de learareoplieding Frysk fan NHL Stenden Hegeskoalle.
Op 10 novimber 2020 is der wer in Fierder mei Frysk. Oanmelde kin oant 26 oktober. Klik foar mear ynfo op de link hjirûnder.
